Sprankeljende folk fol geheimen
Stel dy it gefoel foar fan in lette sneintemoarn op bêd mei in sêfte koelte troch it rút en sinneljocht dat oer dy hinne falt. Dat is wat it ingeleftige stimlûd fan singer-songwriter Devin Shaffer mei dy docht. Op in dei fûn se in gitaar oan de kant fan de dyk mei dêrop in briefke mei de tekst: This is for you. Sûnt dit teken fan boppen nimt de akoestyske gitaar in prominint plak yn by har eksperimintele folk. De yn New York fêstige muzikant spilet yntime ferskes mei geheimen dy’t har stadich priisjaan. Se besingt oprjocht en yn trefwisse bewurdingen de frustraasjes fan it neijeien fan dyn dreamen. Har minimalistyske folk twinkelet mei in ûnbekende helderheid en rikt fierder as datsto ferwachtest. Dwaal mei troch har poëtyske ferhalen mei hjir en dêr in folkrockbeat. Devin Shaffer klinkt miskien as in elfke, yn werklikheid is se mear as echt en dat kinst by Explore the North ûnderfine yn De Grote Kerk.