Punk tusken glitterplaatsjes en moshpit
De Zweefclub makket nei eigen sizzen leave ferskes foar gemiene minsken. En oarsom. Mei harren selsbeneamde nifelpunk lavearret dizze sânkoppige band tusken lekker lûd en ferrassend sêftsedich. De Zweefclub kombinearret dreamerige sang mei eigensinnige Nederlânsktalige teksten oer draakjefleane, polkadûnsje en modderwrakselje. De wurden reitsje de subtile djipgong fan it deistich libben en bliuwe gnyskjend omfleane yn dyn holle.
Humor en skerpe rântsjes foarmje de yngrediïnten foar de ûnmiskenbere nederwave fan dizze skynber út in wengroep útspruten ploech. Sykjende nei harren eigen identiteit giet de band de striid oan mei hjoeddeistige cowboys en oar rosmos. Spring oan board fan harren emisjefrije raket foar in reis om de sinne hinne. Sjoch nei ûnder en sjoch sneue tech-miljardêrs romte meitsjen foar picknickkleedsjes en kampfjoerkes. Piew, piew, piew! It establishment kin wol ynpakke mei in strik deromhinne. De Zweefclub bewiist: sa cute kin punk wêze.
