Poëtyske Uitsmijter
De Poezieboys binne yntusken fergroeid mei Explore the North Festival. Dit jier komme Jos Nargy en Joep Hendrikx wer it festival ôfslute mei dampende poëzy en sette se op kenmerkende, humoristyske wize de seal mei taal op ‘e kop. Mei De Poezieboys witst ien ding seker: rêstich nei hûs ta gean is gjin opsje. In útskroeven útsmiter dy’tst efterlitst mei in holle fol nije sinnen dy’t bliuwe echoën, ek as de ljochten allang út binne.
Taal: Nederlânsk
Oer de Poezieboys
De Poezieboys meitsje mei harren foarstellingen furoare op festivals as De Parade en Oerol en yn de teäters. Ek organisearje se geregeld poëzyjûnen mei jonge (libbene!) dichters. Yn gearwurking mei it Nationale Theater yn Den Haag bringe se alle moannen de bêste poëzy fan dit momint yn de Poeziebar.