De wei kwyt
Wy leauwe yn poëzy. Yn it wurd. Yn de krêft en treast fan sinnen dy’t je siel optille, heger as jo oait dreame kinne. Yn de Grote Kerk hâlde wy dêrom in literêre tsjerketsjinst foar alle (ûn)leauwigen dy’t treast sykje, leaver op in oare planeet wenje soene as op dizze blauwe rotknikkert of no einlings ris harren libben betterje wolle. Bisto it paad kwyt? Bist wurch fan polarisearjen om it polarisearjen, holle frasen, lege ûneliners, agressive útroptekens en hurde punten yn ‘e holle? Dizze tsjinst keart dy sûnder mis – wa’tst ek bist en watst ek tinkst – ta de wiere krêft fan it wurd en learst hoe’t wy wurden brûke kinne foar Het Goede.
De tsjinst stiet ûnder devoate lieding fan Jos Nargy (50% fan de Poezieboys), stipe troch ferskate ljochtsjende dichters mei in goede namme. Wa’t der krekt har ljocht skine litte yn de Grote Kerk, meitsje wy meikoarten bekend.
Oer de makkers
Laurin Nargy (dy / syn) is keunstner, performer, teätermakker en dichter. Laurin a.k.a. Jos is ûnderdiel fan de Poezieboys. De Poezieboys meitsje opswypjende poëzy performances en organisearje tintelfrisse poëzyjûnen.
Sarah de Koning (1992) is dichter. Se wennet en wurket yn Gent. Yn it neijier fan 2025 ferskynde har debút Tekstielen by Uitgeverij Querido. De bondel stie op de shortlist fan de Herman de Coninckprijs en de C. Buddingh’-prijs, en op de longlist fan De Grote Poëzieprijs. Tekstielen waard bekroand mei de prestisjeuze Johan Polakprijs 2026 en wûn de Poëziedebuutprijs 2026.
Bob Vanden Broeck is in Flaamsk skriuwer en notoir nifelder. Hy hâldt fan fûgels, is bang van de arbeidsmarkt. Yn syn wurk spilet de wize wêrop’t wy waarnimme in essinsjele rol. Hy hat it gefoel dat ús eagen har al sjogge troch ferskate reële en firtuele lagen hinne bejouwe. Hy dûkt graach yn de romte tusken wurden en wurde. Yn 2023 ferskynde syn poëzydebút de richting is richting omleiding, dat nominearre waard foar C. Buddingh’-prijs 2024 en bekroand waard mei de Poëziedebuutprijs 2024 en de Debutantenprijs 2025. Yn april 2026 ferskynde syn debútroman Je zit op een stoel bij Uitgeverij Koppernik, in kaleidoskopysk portret fan immen dy’t, opsletten yn ‘e monomane sleur fan it deistich libben, besiket op te stean.
Paul van Dijk is (berneboeke)skriuwer, dichter en yllustrator. Ek makket hy mei syn teaterselskip Knûkel muzykteater mei poppen foar bern. Yn de simmer fan 2010 betocht er syn earste teäterstik Renske wol stoer wêze! Dit teaterstik bewurke er ta syn debút. Dêrnei folgen de de Kening fan Juster en de Wûndertoeter fan Hindrik Bûter. Dit lêste boek waard kadoboek yn de Fryske boekewike. Foar folwoeksenen skreau er in dichtbondel. Syn meast resinte boek is it printeboek Omke Ûle past op. Paul sette ek in mearkeboek nei it Frysk oer en skreau mei oan it Grutte Foarlêsboek diel 2. Paul is in dûbeltalint: hy yllustrearret syn ferhalen sels.