Wizer tanksij feelkoppich wêzen
Wolst witte hoe’t dyn takomst derút sjocht? Oft dyn wiere leafde fine sil? Hoelang’t Trump noch presidint bliuwt? Ast stikem AI brûke silst foar dyn nije boek? Wêrom komkommers grien binne? Stel al dyn libbensfragen oan it poëtysk orakel!
Dit feelkoppige wêzen, dat liket op in stel muzikanten en dichters mar yn feite as ien entiteit kommunisearret, jout antwurd. Mei muzyk. En mei poëzy. In once in a life time-kâns foar dy om fragen te stellen, mar ek om mei te meitsjen: wat der op it poadium bart is folslein ôfhinklik fan it publyk en dus unyk! Dizze ûnderfining is allinnich foar jimme. De âlde Griken namen dit fenomeen tige serieus, dus miskien is it handich om in notysjeboekje mei te nimmen.
Taal: Nederlânsk
Wa?
Mei: Stefanie Huysmans-Noorts (artistyk koördinator, host, performer), Merlijn Gabel (performer), Louky Van Eijkelenburg (performer), Misosi (performer), Ruben De Maesschalck (muzikale spil, bassist), e.a. muzikanten.