Club Guy & Roni, Boris Acket en HIIIT - The Current

Festivalwykein
Explore the North Festival
Kaartsjes

Brûzjende rave foar lichem én siel

Meitsje dy klear foar in nije totaalûnderfining fan Club Guy & Roni, Boris Acket en HIIIT! Yn The Current wurdst ûnderdiel fan in alternative werklikheid dêr’t dûns, live perkusje en elektroanyske muzyk as fanselssprekkend yn gearklinke. Yn dit universum tusken klup en eksposysje bewege publyk en performers harren frij én mei-inoar troch in pulsearjend lânskip fan Acket. NITE-akteur en sjongers Sarah Janneh – bekend fan û.o. Wie is de Mol? én útroppen ta akteartalint 2025 troch de Volkskrant – ynterpretearret teksten fan de Súd-Afrikaanske auteur Ronelda S. Kamfer.

Dêrboppe-op wurdst yn dizze totaal-rave ek nochris meisûgd troch in yntinse laach fan muzyk fol mei live perkusje én elektroanyske muzyk fan produsint Max Frimout en Stanislav Tolkachec. Sa ûntstiet in ûnderfining dêr’t yndividualiteit en kollektive beweging út en troch mei-inoar yn spanning steane. Ynspirearre troch rave-kultuer ûndersiket de foarstelling kollektiviteit, frijheid en de fraach: bewege wy mei de stream mei, of biede wy wjerstân?

Over de makers

Club Guy & Roni waard yn 2002 oprjochte troch choreografen Guy Weizman en Roni Haver. It selskip makket hjoeddeisk, eksplosyf en ynterdissiplinêr dûnsteäter dat skerp oanslút by de aktualiteit. Kenmerkjend binne de opfallende dûnsers, de útsprutsen fysike styl en nij komponearre live-muzyk, wêrby’t muzikanten faak sichtber op it toaniel steane. Harren wurk wurdt wrâldwiid opfierd, sawol mei it eigen ensemble as yn gearwurking mei lokale makkers.

Boris Acket
Boris Acket is in hjoeddeiske keunstner en komponist dy’t wurket mei lûd, ljocht en beweging. Yn syn wurk ûndersiket er de wikselwurking tusken kontrôle en oerjefte yn de natuerlike wrâld. Fanút in eftergrûn yn elektroanyske muzyk en klubkultuer ûntwikkele syn praktyk him ta it oprekkenjen fan de grinzen tusken lûdkeunst, muzyk en performative romte. Dêrby ferdizenet er geregeldwei it ferskil tusken in útstalling en in klubûnderfining.

Sarah Janneh
Aktrise en sjongster Sarah Janneh (1994) begûn har oplieding oan it Muzykkonservatoarium yn Tilburg en waard yn 2012 talitten ta de Teaterskoalle yn Amsterdam, dêr’t se yn 2016 ôfstudearre. Sûnt 2022 is se as fêst lid fan it ensemble ferbûn oan NITE + Club Guy & Roni.

Se spile yn de NITE-foarstelling Before/After en yn de foarstellingen Witch HuntExit Macbeth en Yara’s Wedding. Yn 2024 is Sarah te sjen yn Ocean Breeze en yn 2025 yn Nachtwacht. Njonken har toanielwurk is Sarah ek geregeld te sjen yn films en op telefyzje, ûnder mear yn Het Klokhuis, Anne+, Soof 3 en Tropenjaren. Yn 2023 die Sarah mei as kandidaat oan it programma Wie is de Mol?. Ein 2024 rôp de Volkskrant har út ta akteartalint fan 2025. Se krige dy erkenning foar har oerstap fan byrollen nei haadrollen, wat de krante omskreau as it “echte wurk”.

Credits

Konsept en choreografy: Roni Haver, Guy Weizman
Cast: Adam Peterson, Angela Herenda, Milica Bajčetić, Igor Podsiadly, Jésula Toussaint Visser, Sarah Janneh, Tommy Heeffer
Muzikanten: Niels Meliefste, Max Frimout en oaren
Dekôr: Boris Acket
Komposysje: Max Frimout, Stanislav Tolkachev
Dramaturgy: Friederike Schubert
Marketing: Ashley Leidelmeyer (kontakt)
PR: Janine Fluyt (kontakt)