Dûnsbere gaos yn kitschkostúm
Hulde yn geheimsinnige reek en hystearyske neon glitteroutfits paradearret Brik Tu-Tok sûnder sjêne oer de catwalk fan it libben. Performers Linde Carrijn en Maxim Storms sleure je ûnderweis mei yn harren kleurrike pop universum. De dûnsflier as in mozayk gearstald út oldskoal hiphop beats, nostalgyske syntesizers, brutale poëzy en stikjes diskobal. Skminkte gesichten, blauwe prûken en seemearminnen staarten meitsje dit freaky feestje kompleet. Wapene mei in lympistoal en groteske DIY kostúms sjonge se You are just a T-shirt baby. Mar dan wol in shirt skuord yn de moshpit, besmoarge mei rôze lippestift en in skunnich statement derop. Dat wat miskien earst fielt as in healwize parody blykt in brutale teatrale trip dêr’t Brik Tu-Tok it grutte gesicht fan de wrâld by sjen lit. Tanksij harren katy teksten en waansinnige útdossing bliuwt it boadskip plakken as rôze bubblegum ûnder dyn plateausoal. De geniale gaos fan dit Belgyske underground fenomeen kinst allinnich mar sûnder problemen ûndergean.