Messkerpe rap mei punkenerzjy
As Aunty Rayzor op besite komt, set dan alle stuollen oan ’e kant. Mei har dûnsbere gekte en enerzjike performance faget dizze muzyk de flier mei dy oan. Aunty Rayzor (ôfkomstich út Nigearia) rapt yn it Ingelsk en har memmetaal it Yoruba. Se stoart har rike taal út yn in kompromisleaze miks fan hiphop, R&B, Afrobeat en pop. Har sjongkarriêre begûn ea fol from yn ’e tsjerke en al op njoggenjierrige leeftyd skreau sa har earste ferskes. Underwilens brûkt Aunty Razor har pinne as skearmes en har skerpe tonge as basis foar provosearjende punk. Se kôget op har wurden en spuit se út. Sûnder sorry te sizzen. Aunty Razor is altyd klear foar in gefjocht troch krêftige bars en stampende ritmes. Doch dyn moaiste stretchbroek oan, want foar’tst der erch yn hast skuort Aunty Rayzor dy on stage en steane jim tegearre mâlgûlend te twerken. Alles is mooglik yn ’e dampende show fan dit ûnmeilydsume raptalint.