Bist du muzikant? In skriuwer? Of hast in ferhaal dat du diele wolst?
Kom nei in iepen-mik-jûn oer minskerjochten, dêr’tst dyn stim hearren litte kinst! Explore the North en Amnesty International Student Group Ljouwert slane de hannen gear op dizze jûn, om kultuer, kreativiteit en minskerjochten byinoar te bringen.
De fiertaal foar de jûn is Ingelsk, mar do bist wolkom om dyn keunst yn elke taal diele te kinnen. Wy freegje dy om dyn bydrage te beheinen ta maks. 5 minuten, sadat elkenien de kâns kriget om te dielen. Do hast de folsleine frijheid om te bepalen wat do op de jûn sjen litte wolst, salang’t it mar wat te krijen hat mei minskerjochten en do nimmen diskriminearrest.
Dielnimmers krije in fergees drankje!
Amnesty Open Mic Night: Just Jam!
Tongersdei 7 maaie
20.00 – 01.00 oere
Fergees tagong