De magy fan it no
As der ien de keunst fan it yn it momint wêze behearsket, dan is dat Alabaster DePlume. Dizze út Manchester ôfkomstige saksofonist, sjonger en spoken word artyst kreëarret jûn op jûn in nij no. Flankearre troch hiel goede muzikanten yn in wikseljende gearstalling ûntstiet in flow dy’t past by it publyk. Yn syn prachtige show op Explore the North 2022 bewiisde hy de krêft fan syn enoarme enerzjy as performer. Ek dizze festivaledysje belibbest in unike set fan dizze ûnneifolchbere ymprovisator. Mei in keffiyeh om ’e skouders en in dichtbondel yn ’e hân komt er ûnferfeard de dialooch temjitte. Hy is by steat om syn aktivisme te ferienigjen mei it fermogen om minsken byinoar te bringen troch eksperimintele jazz, folk, punk en elektroanika. Yn in ynterview neamt Alabaster DePlume it sels: spell a word, cast a spell. Alles watst seist hat ynfloed. Wurden dogge derta. Lit dy betoverje troch Alabaster DePlume.