@

Festivalwykein
Explore the North Festival 2026
Kaartsjes

It meast ûnfynbere folkpop duo allertiden (oant no ta dan) 

Online exposure is ít advys oan elke ambisjeuze muzikant. De eigensinnige folkband @ (sprek út: At) besteande út songwriters Victoria Rose en Stone Filipczak giet tsjin ’e stream yn en bewiist dat it ek oars kin. Yn ’e koroanapandemy  fûnen dizze eigensinnige muzikanten inoar dwers troch fysike en technologyske grinzen hinne yn in hechte gearwurking mei de breanedige apestreken. Sa waard in mikrofoan út ’e jierren ’80 mei in kofjebeker as standert brûkt foar in ferrassend goed klinkende rûge sound. Fia de krochten fan it ynternet berikte harren debútalbum dêrnei in ferskuorrend grut publyk. In wûnderlik sukses mei it each op ’e hast net online te finen bandnamme. Troch oansteklike gearsang is de psychedelyske folk fan @ lykwols net mear te missen. Harren nije album komt heal oktober út op it label 4AD dêr’t ek Big Thief releaset en de earste single Autosmile klinkt alfêst goed. Dus goai dyn apesturtsje los en dûnsje mei op ’e psychedelyske folk fan dit mystike duo út Philadelphia.