Fan dyn lichem hâlde en witte hoe’tst bewege moatst – krekt as Mata Hari
Dêr draait dizze fergese twerkshop fan twerk-ekspert Esmee om: goede muzyk, feilige sfear en do en dyn lichem.
Mata Hari wie bekend om har driste bewegingen, har grenzeleas selsbetrouwen en it feit dat se de wrâld oan har fuotten krige troch gewoanwei harsels te wêzen. Yn it ramt fan 150 jier Mata Hari bringe wy dy legendariske froulike krêft nei it no, mei in dansstyl dêr’t menich kommandant noch read fan om ‘e earen fan wurdt.
Twerken is mear as allinnich in dansstyl; it is in ode oan dyn lichem, in opstekker foar dyn selsbetrouwen en it is boppe-al ûntzettend leuk. Esmee Twerkalicious leart dy de finen fan de bounce en de shake, wêrby’t nocht en empowerment sintraal steane. Elkenien is wolkom om de ynderlike ferlieder of ferliedster frij te litten.
Dit evenemint is ûnderdiel fan 150 jier Mata Hari. Dit jubileumjier fiere wy yn Ljouwert mei keunst, dûns, teater, feestjes, eksposysjes, tours en noch folle mear. It programma rint fan 23 maaie oant en mei 7 augustus (Mata Hari’s jierdei) en is hjir te finen.
Diner yn it kafee
Kom fan tefoaren gesellich dine yn it kafee (100% vegetarysk) fan Podium Explore of genietsje fan it selmakke lekkers by de bar as brânstof foar de jûn. Reservearje kin fia horeca@explore-the-north.nl.