Der hinget wat yn ‘e loft boppe Ljouwert. In bytsje hillige geast, in bytsje raveswit, in bytsje waskfersêfter. Explore the North Festival komt werom fan 20 o/m 22 novimber 2026 en de earste seis nammen binne no bekend. Fan lilkens oant skimmelnetwurk en fan knutselpunk oant sakrale koartrippen: ferwachtsje in programma dat dy net samar loslitet. Dit binne acts dy’t har net gearfetsje litte, mar dy’t wol bybliuwe.
Club Guy & Roni, Boris Acket & HIIIT – The Current * Joshua Idehen * XTC in the XIV * De Zweefclub * Mees van Rijswijk & Explore the North – AAAARGH * Esmé van den Boom – All Real Living Is Meeting
Helje no dyn Alderierste Fûgelkaartje foar €45,50, of in Jongerenkaartje foar €28,50 (13 o/m 25 jier én studinten). De kommende moannen meitsje wy folle mear nammen bekend.